• Mondriaan Kwartet
  • De Nieuwe Opera Academie
  • Literaire avond met Nederlandse en Friese poëzie
  • Solotoneel Alma Mahler
  • Hexagon Ensemble met Carol Linssen
  • Di Gojim met het programma ‘Schuim’
  • Simone Lamsma (viool) en Tineke Postma met haar jazzkwartet
  • Haydn Jeugd Strijk Orkest
  • The Royal Wind Music en Cello-Octet Amsterdam
  • Bogerman Bigband met Saskia Laroo (trompet), Bert van den Brink (piano)



  • SCEM Sneek
    p.a. Marktstraat 18
    8601 CV  Sneek
    T: 0515 414 096
    E: info@scemsneek.nl

    Fryske Jûn

    10 november 2007

    Arjan Hut
    Arjan Hut debutearre mei de dichtbondel Nachtswimmers (Bornmeer, 2004) en waard yn 2005 foar twa jier beneamd ta stedsdichter fan Ljouwert. Hy skriuwt oer muzyk foar de Moanne. Syn twadde bondel 0506 (Bornmeer, 2007) ferskynde mei in DVD troch Wyld Hynder Films en in CD in gearwurking mei producer Jaap van der Meer. Hy wurket no oan it jongereinboek mei de wurktitel Jarichs pineholle.

    Antsje van der Zee
    Antsje van der Zee (berne op 5 maart 1987 yn Ljouwert). Ik studearje 'Kunsten, Cultuur en Media' oan de RuG yn Grins, mei as rjochting 'Theaterwetenschap'. Ik bin ynteresseare yn hast alles wat te krijen hat mei myn stúdzje, foaral teater en byldzjende keunst, mar ek literatuer. Ik skriuw sels sa no en dan in gedicht en bin hjirfoar twa ris beljenne mei in Rely Junior Priis. 

    Elmar Kuiper
    Elmar Kuiper (1969) wennet yn Húns. Hy is psychiatrysk ferpleechkundige, byldzjend keunstner, performer en dichter. Yn 2003, 2005 en 2006 wûn hy de Rely Jorritsma priis, trije kear foar in fers. Syn debútbondel; Hertbyt (útjouwerij Bornmeer, 2004) waard nominearre foar de Fedde Schurer priis. Febrewaris 2006 ferskynde in twatalige blomlêzing oer syn wurk by Uitgeverij BnM ûnder de titel: Roep de rottweiler op/Rop de rottweiler op.

    Kuiper hat op ferskate plakken syn wurk foar it fuotljocht brocht, ûnder oaren op  Poëtry International (2006) en it Dunya festival (2007). It renomearre Ingelske tydskrift; Poëtry Wales naam koartlyn wurk fan him op.

    Tsjêbbe Hettinga
    Mei syn krêftige en múzikale foardrachten ferrast Hettinga elke kear op’e nij. Yn binnen- en bûtenlân wurdt Hettinga priizge om syn byldrike gedichten wêryn’t it lânskip fan Fryslân, mar ek dat fan Wales en Grikelân, in grutte rol spilet. Yn 2001 wûn Hettinga de Gysbert Japicxpriis mei syn masterwurk Fan oer see en fierder. Hjiryn beskriuwt hy in eigen odyssee fanút it perspektyf fan in Gryks eilân. Syn wurk is oersetten yn it Nederlâns, Ingels en Dúts.

    Trio Hexapode
    De avond wordt muzikaal opgeluisterd door Trio Hexapode, dat bestaat uit Annemarie van der Reijden (fluit), Derk Stegeman (cello) en Jan van Liere (piano). Het speelt muziek van Haydn tot hedendaagse componisten als Giorgio Frederico Ghedini, Marcelle de Manziarli en Anne Vogel.